Cambuur ynteressearre yn Veenhof

© Omrop Fryslân
Cambuur Ljouwert hat ynteresse yn Jan Veenhof. De eardere ferdediger fan FC Grins is werom yn Nederlân en siket in klub. Op it stuit hâldt Veenhof syn kondysje op peil by SC Hearrenfean.
Veenhof hat in sabbatsjier efter de rêch. Dêrfoar fuotballe hy yn de Japanse earste divysje. Cambuur Ljouwert siket noch in ferdediger omdat Van Schoonhoven útskeakele is troch in blessuere.