Grou boekt twadde oerwinning

© Omrop Fryslân
Skipper Berend Mink fan 'It doarp Grou' boekte tongersdei yn Langwar syn twadde oerwinning fan dit SKS-kampioenskip. Troch dizze oerwinning giet Grou no allinnich oan kop fan it klassemint.
d'Heale Moanne waard twadde, Boalsert tredde, Snits fjirde en it Hearrenfean fyfte. Der stie mar in bytsje wyn op 'e Langwarder Wielen. Ljouwerter einige achteryn en sakket yn it klassemint.