Strafpunten foar twa skûtsjes

25 jul 2001 - 00:00

De orizjinaliteitskommisje fan 'e SKS hat de skûtsjes fan Drachten en De Lemmer 21 strafpunten takend.De skûtsjes krigen straf omdat de djipgong fan 'e skûtsjes net yn oarder wie. De 21 strafpunten kinne net ôflutsen wurde. De Lemmer en Drachten steane no ûnderoan.

It is foar it earst dat de SKS tidens de kompetysje strafpunten útdielt omdat de skûtsjes net yn oarder wêze soene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)