Fakânsjedrokte by GGD

© Omrop Fryslân
De GGD Fryslân hat it op it stuit smoardrok mei fakânsjegongers dy't fiere reizen meitsje. Dy reizgers moatte alderhanne faksinaasjes hawwe. De sûnenstsjinst komt troch de tanommen drokte net ta oan de reguliere wurksumheden.
Friezen geane hieltyd fierder fuort mei fakânsje; Azië, Afrika en Súd-Amearika. De GGD hat dûbele sprekoeren ynsteld om elkenien te helpen, mar it bliuwt drok.