Skeameldings grûnfersakjen
Minsken dy't miene skea te hawwen troch it fersakjen fan de grûn as gefolch fan it winnen fan gas, oalje of sâlt, kinne dat foar 1 oktober melde by de Technische Commissie Bodembeweging (TCBB).
De TCBB kin dupearren helpe by de start fan in proseduere tsjin de delfstofwinners. Skeameldings kinne stjoerd wurde nei TCBB, Postbus 8, 2270 AA Voorburg. De kosten binne sa'n 200 gûne.