Swier ferwûne by fjochtpartij

24 jul 2001 - 00:00

In 32-jierrige man út Aldemardum is moandei swier ferwûne rekke by slaanderij yn Aldemardum. Hy kaam in 35jierrige Ljouwerter merke-eksploitant tsjin dy't noch jild fan him ha moast.

It slachtoffer soe de merkeman mei in mes bedrige ha. Dy joech de oar doe in klap mei in honkbalkneppel. It slachtoffer rekke swier ferwûne oan 'e holle en waard oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)