Helikopter beskynd mei laser

SAR © Omrop Fryslân
In SAR-helikopter is moandeitejûn by in trainingsflucht boppe Sint Anne beskynd mei in laser. De loftmacht befêstiget dat der trije kear op de helikopter skynd is. It tastel is wol wer feilich oan 'e grûn kaam. Wa't der ferantwurdlik is, wurdt noch ûndersocht troch de plysje en maresjesee.
Ferline jier krigen twa manlju út Ljouwert in finzenisstraf oplein, omdat se de bemanning fan in helikopter ferblinen mei in laserpen.