Keallemerk Ljouwert giet troch

23 jul 2001 - 00:00

De earste keallemerk yn Ljouwert sûnt de tongblierkrisis giet tiisdei troch. De RVV (Rykstsjinst foar Keuring fan Fee en Fleis) hat moandeitemoarn offisjeel tastimming jûn. Direkteur De Jong fan it FEC ferwachtet dat der in soad feehannelers op de merk ôfkomme sille.

De feemerk sil yn elts gefal strange kontrôles hâlde om foar te kommen dat minsken op klompen of skuon komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)