It giet goed mei de kokkel

23 jul 2001 - 00:00

Neffens it Sintrum foar Skulpdierundersyk (CSO) giet it goed mei de kokkel. Nei in ynventarisaasje yn de Waadsee en de Noardsee tichtby Seelân blykt dat de kokkelfoarried yn Nederlân foar it kommende winterseizoen fersekere is.

De taname yn de jonge kokkel-oanwas is it gefolch fan in natuerlike fluktuaasje. Dit seit sekretaris Holstein fan de organisaasje fan kokkelfiskers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)