Antal van der Duim hat ferlern

© Omrop Fryslân
Antal van der Duim hat snein yn de finale ferlern mei 6-3 en 6-2 fan de Dútser Schütler op it Windmill Cup toernoai yn Ljouwert. De jonge út Noardwâlde wie de earste Fryske finalist op it toernoai.
By de froulju hat Michaéla Krajicek wûn. De suster fan toptennisser Richard Krajicek wie de earste Nederlanner yn de skiednis fan it jeugdtoernoai dy't yn de finale stie.