Hearrenfean: fernijbou Thialf

Sa sjocht Thialf derút nei de fernijbou
De gemeenterie fan Hearrenfean hat moandeitejûn unanym keazen foar fernijbou fan it besteande Thialfstadion. Dy kar lei foar de hân omdat provinsjale steaten yn febrewaris ek al foar fernijbou keas. It stelde dêr 20 miljoen euro foar beskikber.
Der moat no socht wurde om de 30 miljoen euro dy't noch nedich is om de fernijbou trochgean te litten. Yn septimber moat dúdlik wêze wêr't dat jild weikomt.