Jild foar doarpshûzen Gaasterlân

© Omrop Fryslân
Gaasterlân-Sleat lûkt twa miljoen gûne út foar de doarpshûzen yn har gemeente. Dat jild is bedoeld foar ûnderhâld foar de kommende tsien jier. Doarpen dy't gjin eigen doarpshûs hawwe, kinne in bydrage foar de bou krije.
Ferbouwingsplannen komme ek yn de beneaming foar stipe, mar dan moatte de doarpen sels meibetelje. De gemeenteried moat noch akkoart gean mei de regeling.