Slagge lanning ballon op skûtsje

© Omrop Fryslân
It is ballonfarder Jelke Haven lang om let slagge te lânjen op it skûtsje fan Langwar. Woansdeitejûn wie it minne waar spulbrekker, mar freedtejûn slagge it dan dochs.
De stunt wie betocht om omtinken te jaan oan it skûtsjesilen en de ballonfeesten dy't meikoarten op De Jouwer begjinne. Skipper Tinus Eekhof moast tige krekt manoeuvrearje. De lanning gie perfekt.