Kollumerlân: nachts mear plysje

© Omrop Fryslân
De plysje moat nachts mear surveillearje yn Kollumerlân. Dat wolle de Pleatslik Belangen fan de doarpen yn de gemeente. It tal ynbraken nimt de lêste tiid ta.
Pleatslik Belang Kollumersweach is bang dat der mear kriminaliteit komt, as der gjin maatregels nommen wurde. Fan it wykein waard seis kear ynbrutsen yn it doarp. De plysje hat lykwols te min tiid en te min minsken om te surveillearjen.