Nij farbewiis per 1 septimber

© Omrop Fryslân
It nije farbewiis, dat per 1 septimber útjûn wurdt, moat fraude tsjingean. Oant no ta wie it ienfâldich om in falske namme op te jaan by it lyts farbewiis. It grutste ferskil is dan ek dat op it nije farbewiis in foto moat.
Oan de kursus sels feroaret neat, it giet dus allinnich om in uterlike feroaring fan it farbewiis. Minsken mei in âld farbewiis meie it fergees omruilje.