Grousters kinne wer thús befalle

© Omrop Fryslân
Swangere froulju yn Grou en Akkrum kinne fan 1 jannewaris 2002 ôf wer thúsbefalle. Yn jannewaris fan dit jier binne de húsdokters fan Grou ophâlden mei thúsbefallings. Hjirtroch wiene swangere froulju ferplichte poliklinysk yn it sikehûs te befallen.
Foar de oare regio's yn Fryslân wurdt noch nei in oplossing socht. It wachtsjen is eins op mear ferloskundigen.