2e Keamer tsjin strafkoartings

© Omrop Fryslân
In mearderheid yn 'e Twadde Keamer is tsjin eltse strafkoarting op de fergoedings foar tongblierskea. Neffens de keamerkommisje foar lânbou kin de strafkoarting better ferfongen wurde troch boetes foar oertredings. De troch Brinkhorst oankundige beheining fan 'e strafkoarting fûn de Keamer ûnfoldwaande.
Brinkhorst hie 240 boeren in strafkoarting fan tsientûzenen gûnes oplein.