Lestige jeugd op in skûtsje
Profiel wol lestige jongerein mei hurd wurkjen op in skûtsje bystjoere. De Snitser stichting nimt mei it nije projekt jeugd fan 14 oant 17 jier út Sperkhem en Lemmerweg-Oost in wykein mei.
De jongerein moatte sels itensiede, mei elkoar wurkje en problemen oplosse en ek noch sile fansels. Der farre neist 19 bern ek in pear âlden, wykplysje en jongerenwurkers mei.