Bom ûnder bisteklinyk

© Omrop Fryslân
De bom út de Twadde Wrâldoarloch blykt ûnder de bisteklinyk oan de Jelsumerdyk te lizzen. Mooglik moat dan in diel fan de klinyk, dy't yn 1993 boud is, sloopt wurde. De kosten fan it ûndersyk en it opromjen sil sa'n 1 miljoen gûne kostje.
Tiisdei waard bekend dat derop 'e hoeke fan de Jelsumerstrjitte en de Dammeleanne in bom lei. De bom soe ôfkomstich wêze fan in Ingelsk fleantúch.