CD Twarres no al goud
De CD 'Stream' fan it Wergeaster duo Twarres is no al goud. Yn twa wike tiid allinnich yn Nederlân al 40.000 eksimplaren fan 'e CD ferkocht.
Yn België giet it ek goed, want Twarres krijt in award fan de Belgyske ôfdieling fan muzykstjoerder TMF. De award wurdt útrikt op 3 novimber. It konsert dat de groep op dizze dei jaan soe yn Tilburch wurdt dêrom ferpleatst.