Mooglik haven by Aquaverium

© Omrop Fryslân
Der komt mooglik in haven by it Aquaverium yn Grou. De haven soe komme moatte op it stik grûn tusken it Aquaverium en de rykswei LjouwertHearrenfean. De gemeente Boarnsterhim hat al in miljeufergunning jûn.
De bedriuwen yn it Aquaverium kinne har keapwaar yn de haven útstalle. Ek binne der lisplakken beskikber. De oanlis fan de haven kostet 2,5 miljoen gûne.