Mûne Oerterp mei sloop bedrige

© Omrop Fryslân
De mûne fan Oerterp sil ynkoarten sloopt wurde, as De stifting ta behâld Ald Oerterp net genôch jild by inoar krijt foar restauraasje. De stifting hat de eigner fan 'e mûne, de Rabobank, frege om meiwurking en finansiering. De bank wol dat net en hat Ald Oerterp twa moanne tiid jûn om it jild earne oars te finen.
De stifting sjocht dit swier yn, mar sil wol de middenstân om in jild freegje.