Krityk NLTO op struktuerskets A7

16 jul 2001 - 00:00

De lânbou-organisaasje NLTO hat grutte krityk op de struktuerskets foar de A7sône. Yn dy skets is oer 30 jier gjin romte mear foar de lânbou, sa hat de NLTO ûntdutsen.

Neffens de lânbou-organisaasje geane de ûndersikers der fanút dat de boeren yn dizze regio der de kommende jierren mei ophâlde wolle. De NLTO seit dat dat net sa is en easket mear romte foar lânbou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)