Grutte fisk foar tegelfabryk

15 jul 2001 - 00:00

Tegelfabryk De Albarello yn Menaam hat in grutte oarder fan it Amsterdamske Ryksmuseum krigen. It fabryk sil replika's fan antike tegels leverje oan it museum. Dêr binne de tegels te keap foar besikers. Benammen by Japanners is der in soad fraach nei.

Troch de grutte oarder siket it fabryk ekstra personeel foar nije opdrachten. Der wurkje no alve minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)