Hearrenfean ferliest fan Basel

15 jul 2001 - 00:00

SC Hearrenfean is noch net opwoeksen tsjin FC Basel. De Feansters ferlearen sneon mei 2-1 fan de Switserske ploech. De tredde rûnte fan de Intertoto Cup waard sneontejûn yn Switserlân spile.

Nurmela skoarde yn de 57ste minút. Basel stie doe al mei 2-0 foar, om't Hearrenfean min ferdigene. Yakin en Koumantarakis skoarden foar Basel yn de earste tweintich minuten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)