Berne-opfang yn problemen

05 mrt 2012 - 21:58

De berne-opfang op it Fryske plattelân komt ûnder druk te stean troch de besunigings fan it Ryk. De lanlike belange-organisaasje fan âlden, Boink, ferwachtet falliseminten. Dat hat gefolgen foar foarsjennings op de doarpen. As ien hierder fuortfalt út in mienskiplik gebou, komme der mear yn de problemen.

Dat seit foarsitter Gjalt Jellesma fan Boink. Hy tinkt dat 30 prosint minder bern nei de berne-opfang gean sil, wylst de kosten itselde bliuwe. Benammen de mear lytsskalige berne-opfangfoarsjennings kinne soks net ferneare.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)