Mûner pleitet foar werbou pakhûs

14 jul 2001 - 00:00

De mûne yn Wytmarsum moat foar de takomst feilich steld wurde troch it eardere pakhûs te werbouwen. Dat is it idee fan de mûner fan De Undernimming. It pakhûs is mei de restauraasje net op 'e nij boud.

De mûner wennet neist de mûne en kin sa op de mûne passe en besikers kinne by him nei it húske. As er mei syn wurk ophâldt, soe dat fanút it pakhûs kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)