Keuring fan hardershûnen
Yn Ljouwert is dit wykein in ynternasjonale wedstriid foar Dútske hardershûnen. Sa'n trijehûndert bisten wurde op har uterlik beoardield. Se moatte boppedat mei har bazen sjen litte wat se kinne.
De Ljouwerter klub Frisiana hat it evenemint, de saneamde kampioensklubmatch, by it Kealledykje organisearre. De dielnimmers komme út seis lannen.