Brân Wâlterswâld noch net oer

13 jul 2001 - 00:00

De brânwacht ferwachtet freed noch de hiele dei wurk te hawwen oan it útmeitsjen fan de brân by houtrecyclingsbedriuw Van der Galiën yn Wâlterswâld. De brân ûntstie tongersdei troch koartsluting yn in masine.

It fjoer sleach oer nei in steapel fan sa'n 1000 kúb ôffalhout. Om't it blussen net folle helpt, hellet de brânwacht no de steapel hout útinoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)