Trije ynbraken yn Koepeltsjerke
Der is de ôfrûne moannen trije kear ynbrutsen yn de Koepeltsjerke oan de Vredeman de Vriesstrjitte yn Ljouwert. Dat is opfallend, want yn de jierren dêrfoar hie de grifformearde tsjerke nea te krijen mei ynbraken.
De 3 ynbraken yn maart, maaie en juny fûnen hieltyd plak op sneontejûn. Yn totaal wurdt de skea rûsd op 20.000 gûne. Der wurdt in nij alarmsysteem oanlein.