Griene stroom op postkantoar

© Omrop Fryslân
Wa't graach oerstappe wol op griene stroom, kin sûnt moandei terjochte op it postkantoar. Enerzjybedriuw Essent hat in oerienkomst sletten mei Postkantoren BV, om yn de gruttere postkantoaren tenei griene stroom oan te bieden.
Griene stroom is it earste produkt dat frij te ferkrijen is, no't de merk frijjûn is en de klant sels beslisse kin by hokker bedriuw oft er stroom ôfnimt.