Grutte fraach nei keunst Brood

© Omrop Fryslân
De fraach nei keunstwurken fan Herman Brood is eksplosyf tanommen. Ek de prizen fan de wurken gean flink omheech. De sjonger en keunstner makke woansdei in ein oan syn libben troch fan it dak fan it Hiltonhotel yn Amsterdam te springen.
Yn galery Posthuma yn Snits wurde al 10 jier keunstwurken fan Brood ferkocht. Neffens de eigner rûn de galery woansdei fol neidat it nijs bekend waard.