Rook nei Fortuna Sittard

12 jul 2001 - 00:00

Micha Rook fan Cambuur sil nei de fuotbalklub Fortuna Sittard. De 28-jierrige middenfjilder tekene in kontrakt foar twa jier.

De Limboarchske klub hat fierder de Skot Colin Cramb oanlutsen. De Frânske spiler Fritz Emeran is definityf oernommen fan Racing Genk. De seleksje fan de earedivyzjeklub komt sneon foar it earst nei de fakânsje wer by elkoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)