Ljouwerter feemerk wer iepen

12 jul 2001 - 00:00

De Ljouwerter feemerk sil tiisdei 24 july wer iepen. De earste merk is in keallemerk. Provinsje en gemeente lizze 3 ton op it kleed foar in 'hygiëneslûs'.

Njonken de keallemerk op tiisdei stribbet it FEC foar de wat langere termyn nei in merk foar kij op tongersdei en in skieppemerk op woansdei. Dy merken binne eins allinnich mooglik at de feemerken yn Grins en Swol tichtbliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)