Opbou Beachfestival muoisum

11 jul 2001 - 00:00

De organisaasje fan it Lemster Beachfestival moast woansdei haljetrawalje maatregelen treffe om it festival te rêden. Troch de stoarm koe de grutte tinte net opboud wurde. Om de tintebouwers yn 'e lijte te setten waard op it strân in 10 meter hege muorre boud fan seekonteners.

Op it Lemster strân binne de kommende dagen optredens fan De Kast, Venice, David Crosby, Twarres en Link.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)