Wethâlder Amelân is opstapt

© Omrop Fryslân
Wethâlder Bakema fan It Amelân hat ûntslach nommen. Neffens in rapport soe er bûten de regels om wurkje. Dat rapport stie op it program fan de riedsgearkomste tiisdei. Dat hoegde net om't de wethâlder in dei earder al by de boargemaster syn ûntslach yntsjinne hie.
Bakema is net om it rapport opstapt, mar om it belang fan syn partij Ameland '82. De partij is ek út it kolleezje stapt.