Asbest by brân Damwâld

10 jul 2001 - 00:00

By in brân yn garaazje De Jong oan de Haadstrjitte yn Damwâld is tiisdei asbest frijkaam. De brân ûntstie troch in ierdgaslek. In ûntploffing wie it gefolch. De brânwacht út Damwâld, Dokkum en De Westerein hiene de brân tiisdeitemiddei ûnder kontrôle.

Yn de garaazje wiene gefaarlike stoffen neffens de brânwacht. De Haadstrjitte yn Damwâld hat in skoft ôfsletten west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)