Tongblierfûns ryk yn wurking

© Omrop Fryslân
De Stifting tongblierfûns is moandei offisjeel yn wurking steld. Minister Brinkhorst fan Lânbou hat de statuten fan it fûns tekene. Der hat in soad opskuor west oer de bydrage dy't de oerheid yn it fûns stoarte soe.
Troch in flater fan de VVD is it per ûngelok ferdûbele fan 25 nei 50 miljoen gûne. Brinkhorst wol dit weromdraaie. It fûns stipet dupearre bedriuwen.