Winkelombou giet faaks net troch
De 200 festigingen fan Super de Boer wolle de garânsje dat de nije Konmarformule in sukses wurdt. Krije se dy net dan hâlde de supermerken foarearst fêst oan de Super de Boer-formule.
De 200 Super de Boer-winkels ha de direksje fan memmebedriuw Laurus hjir al foar warskôge. Op it stuit besjocht de Konmar hoe't de formule sa oanpast wurde kin dat ek de Supers meidwaan sille.