Strânhuzen Flylân fuort

© Omrop Fryslân
De trije rekreaasjehuzen op it strân fan Flylân moatte der nei in pear wike al wer wei. Noardlik ynspekteur Wamelink fan romtlike oardening besiket dat fia in koartpleit foarinoar te krijen.
De mobile fakânsjewenten binne neffens de ynspekteur sûnder fergunning pleatst en ek yn striid mei it bestimmingsplan. B. en w. fan Flylân prate nije wike oer hoe't it no fierder moat mei de húskes.