Wâldwei ôfsletten

09 jul 2001 - 00:00

De Wâldwei tusken Ljouwert en Drachten wurdt moandeitejûn ôfsletten. Yn it wykein is der in gat yn de dyk fallen. Neffens wurdfierder Tilma fan Rykswettersteat is der in dûker yn de dyk begûn te lekken. Dertroch spielt it sân fuort.

De Wâldwei is fanôf moandeitejûn 7 oant 12 oere sletten foar alle ferkear. Allinne plysje en ambulânse kinne der yn gefal fan need del.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)