Beima wint Margraten

© Omrop Fryslân
De hurdfytswedstriid foar junioaren, de "Omloop van Margraten" is snein troch Marcel Beima út Hurdegaryp wûn. Beima naam nei 8 kilometer al de lieding. Nei 25 kilometer waard in tsien man sterke kopgroep foarme.
Mei noch sa'n 5 kilometer te gean wisten trije rinners de kopgroep efter har te litten. Uteinlik wûn Marcel Beima mei oermacht de sprint.