Goud foar Drum & Lyraselection

08 jul 2001 - 00:00

De Drum & Lyraselection Wergea hat sneon goud helle op it WMC yn Kerkrade. By de fjirtjinde edysje fan it Wereld Muziek Concours waarden de Friezen mei 84.3 punten earste op it ûnderdiel marsmuzyk yn de Stardivyzje. Dat wie tagelyk goed foar de deipriis.

It WMC duorret de hiele moanne july. De Drum & Lyraselection stiet foarearst op it earste plak yn it tuskenklassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)