Fryske brillen foar Ghana

© Omrop Fryslân
Fryske montueren en brilleglêzen sille nei Ghana. De militêre apoteek op It Hearrenfean stiet de folsleine foarried fan sân ton ôf oan it Afrikaanske lân.
It ministearje fan definsje hat dêrta besluten om't de kâns lyts is dat stikkene brillen út in oarloch makke wurde moatte. De tsientûzenen brillen wurde woansdei oan eachdokter Oosterink fan it Ghana-projekt oerhandige.