Net elk sit op rioel yn Fryslân

07 jul 2001 - 00:00

Mear as 16.000 húshâldingen en bedriuwen yn Fryslân binne net oansluten op it rioel. Dat is it heechste oantal yn it lân. Foar 2005 moatte alle huzen op it rioel oansluten wêze.

Foar wenningen yn bûtengebieten dêr't dat te djoer foar is, kin in apart systeem fan ôfwetterjen komme. Lanlik giet dat om 80.000 huzen. As der gjin oplossing foar komt, kin dat problemen jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)