Twarres-konsert útferkocht

© Omrop Fryslân
It Twarres-konsert yn Wergea wie freed folslein útferkocht. It konsert wie yn 'De Bidler', neffens Mirjam en Johan it 'Paradiso fan Wergea'. Der wienen 500 entûsjaste fans.
It optreden yn it eigen doarp wie part fan de 'Alvestêdetocht' dy't it duo fan 't simmer makket om de nije CD te promoatsjen. De CD, mei twa Fryske lieten, ferkeapet goed yn België en Nederlân.