Dúnbrân op Skylge

06 jul 2001 - 00:00

Op Skylge is 1300 fjouwerkante meter natuergebiet ferlern gongen by in dúnbrân. De brân bruts tongersdeitenacht út yn in stik dúngebiet tusken Hoarne en Aasterein. Omdat de grûn sa droech is, koe it fjoer him gau ferspriede.

De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle, mar der is dochs in stik natuergebiet ferlern gongen. Hoe't it fjoer ûntstien is, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)