Eringa fjochtet ûntslach oan

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter trou-amtner Nynke Eringa fjochtet har ûntslach oan. Se is it der net mei iens dat se gjin houliken mear slute mei, omdat se gjin homostellen trouwe wol.
Frou Eringa sil yn augustus in klacht yntsjinje by de kommisje Gelijke Behandeling. Neffens har advokaat soe it probleem oplost wêze at homopearen frou Eringa net mear útkieze as trou-amtner.