Woudagemaal op 'e Lemmer iepene
De gemeente Lemsterlân hat der in attraksje by. Op 'e Lemmer is freed it Woudagemaal offisjeel iepene foar besikers. It gemaal is yn 1998 as fyfde Nederlânske monumint troch de Unesco op de wrâlderfguod-list setten.
It is in oerbliuwsel út it stoomtiidrek en wurdt noch hieltyd brûkt. Dêrby komt nochris dat it it grutste gemaal fan Europa is.