'Apotheker moast net op lânbou'

© Omrop Fryslân
De beneaming fan Apotheker as minister fan lânbou hat net goed west. Dat seit de hjoeddeistige steatssiktaris Faber. Se begûn tagelyk mei de âld-boargemaster fan Ljouwert yn 1998 op lânbou. Beide hienen gjin ûnderfining yn de lanlike polityk en koenen elkoar net helpe.
Apotheker lei twa jier lyn syn funksje del. Faber sjocht it as grutte fout dat twa lju sûnder erfaring beneamd binne.